Koffydrinke (nu ook met NL-editie)
Finsters, zin in je leven - gesprekspraktijk en projecten
RSS Volgen Fan worden

Recente posts

Finsters wordt Fjoer!
Verslaafd aan de ander
Kennismakingsworkshop PRI op 23 november!
We zijn (meestal) bang voor wat al lang geweest is....
Onze Liefde

Categorieën

Actie!
Activiteiten
destructieve emoties
Ervaringsverhalen
Finsters in verbinding
In de etalage
In gesprek
Interessante vragen
Symbolen
Toeval
Zin in je leven

Archief

juni 2017
november 2016
september 2016
november 2015
september 2015
februari 2014
juli 2013
december 2012
oktober 2012
april 2012
maart 2012
januari 2012
december 2011
november 2011
oktober 2011
september 2011

Mogelijk gemaakt door

It Finsterbank

Koffydrinke (nu ook met NL-editie)

Maandelijks verschijnt er een Friestalig kort verhaal van mij in de Sneinspetiele van het Friesch Dagblad. Onderstaand verhaal is op 1 april  jl gepubliceerd. Voor de niet Friezen staat de vertaling er onder.
‘Giest mei,  Bauky-Bauk?’ Bauke fielt in stek yn ’e búk, as prikt se him lek. Hy hie der op rekkene moai eefkes mei mem allinnich thús te wêzen. Syn beide suskes binne te boartsjen. Miskien soene se no dy appeltaart wol bakke dêr’t er mem al sa lang om frege hat om by te helpen! ‘Wêr moat mem no wer hinne?’ freget er. Syn skonken binne fan stien en hy hat nergens mear sin oan. ‘Eefkes nei buorfrou,’ antwurdet se en se sjocht net mear nei him. Earder nei de muorre, al begrypt Bauke der neat fan wat dêr te sjen wêze kin. ‘Koffydrinke?’ freget er. Mem sjocht wol faker nei de muorre as se by buorfrou koffydrinke moat. Bauke freget him ôf of se eins wol koffy mei. Dat begrypt er bêst: sels de oerbleaune sûker út de koffykopkes is nea echt lekker. Hy begrypt nèt wêrom’t se it dan wol opdrinkt, mar dat doart er net goed te freegjen. ‘Ja, fint,’ seit se, ‘koffydrinke.’ Har mûlhoeken krolje omheech en se streaket him troch it hier, mar hy wurdt der net bliid fan. ‘Giest mei?’ ‘Nee,’ antwurdet Bauke. Mem sjocht him freegjend oan.  ‘Oebele pleaget my hieltyd.’                
             Bauke mei achter de kompjoeter fan mem.  Se helpt him sels noch it spultsje te finen wat er graach dwaan wol, mar it is krekt as hawwe de slakjes en de ingeltsjes minder moaie kleuren as oars. Al gau fynt er der neat mear oan. Hy giet nei de keuken en gnúft yn de laden om. Miskien kin er sels fêst begjinne mei taart bakken. Mar hy wit eins net goed wat er noadich hat, dat as de beslachkom en it moal op it oanrjocht steane, hâldt er mar wer op fan  bakken. Hy giet nei wenkeamer dy’t grut en leech is no’t de oaren net thús binne. Hy rommelet wat yn de boartersguodkiste om. Fynt in trekker mei in tsjil te min en in poppe mei  mar ien earm. Hellet ferskate stikken spoar foar it ljocht, mar mist de trein. Blokken dêr’t er ek neat mei kin. Hy lit it lid fûl tichtfalle. ‘Net sa klappe!’ praat er heit nei mei in swiere stimme. Hy moat der sels eefkes om gnize. By de boekekast kin er it ek al net fine.     
           Bauke huveret. Hy hat it kâld. De kachel hat hjoed noch net oan west, mei dat heit én mem wurkje moasten. Hoe die heit dat ek alwer altyd? Bauke tinkt eefkes nei. Hellet âlde kranten út de bykeuken, frommelet se yninoar en smyt se yn ’e kachel. Dan giet er nei  it houthok, siket de tinste houtsjes op en bout der in moai tuorke fan. It earste lúsjefershoutsje brekt, mar mei de twadde krijt er de kranten al oan. Heit lûkt dan altyd oan de kleppen fan de kachel.Bauke lûkt ek, mar it is it jiskelaad dat er oanlûkt. Wyls begjint it hout te brânen. Bauke wol de boel weromskowe, mar dat slagget net. Hy besiket it doarke fan de kachel út alle macht ticht te drukken, mar dat wol ek net mear! Hy drukt en drukt en de flammen wurde grutter en grutter.  Wat moat er no? Hy draaft nei de keuken, pakt in kopke, follet it mei wetter en sa hurd as er kin, werom nei de keamer. Gau smyt er it  yn de kachel, mar no sakket syn hiele toer yn inoar. Der falt in brânende tûke út. Hast op Bauke syn sok.Hy skrikt him wyld. Syn hert bûnzet yn syn kiel, op it plak fan syn búk fielt er in gat.  Hy hellet mear wetter,  mar it fjoer wurdt net minder, earder mear.  Wat moat er no? Wa moat him helpe? 
              Boppe de keukenstafel hingje wurden as echtskiedingsmakelder en hypotheekskuld swier en stadich  yn de loft.  Mem en buorfrou sjogge der nei mei knûkeligegesichten. De fingers dy’t se om de al lang leechdronken kofjemokken hawwwe, binne suver wyt fan it knipen. Ynienen fleant de doar iepen en minge de stjurre tongerwolken yn de romte harren mei it wjerljochtsjen fan wagenwiid iepene blauwe eagen, dikke triennen, fûl hymjen en lûden dy’t earst noch gjin betsjutting krije wolle. ‘Wat is der?’ freget mem kjel. ‘De kachel!’ gûlt  Bauke, ‘der komt allegearrre fjoer út!’ en hy lûkt har oan ’e mouwe.  Se spat oerein, krijt him by de hân en tegearre drave se op har allerhurdst nei hûs. Bauke is noch net opholden fan snokkerjen, mar yn syn búkje is it net langer mear sa nuver leech. Mem is by him. No sil alles wer goed komme! 
 
oersetting:
 
Koffiedrinken
 
 ‘Ga je mee,  Baukie-Bauk?’ Bauke voelt  een steek in zijn buik, alsof ze hem lekprikt. Hij hat erop gerekend mooi eventjes met mamma alleen thuis te zijn. Zijn beide zusjes spelen bij een vriendinnetje. Misschien konden ze nu die appeltaart wel bakken waar hij mamma al zo lang bij zou helpen!  ‘Waar moet mamma nu weer heen?’ vraagt hij. Zijn beentjes zijn van steen en hij heeft nergens meer zin in. ‘Eventjes naar de buurvrouw,’ antwoordt ze en ze kijkt niet meer naar hem. Eerder naar de muur, al begrijpt Bauke werkelijk niet wat daar nou te zien kan zijn. ‘Koffiedrinken?’ vraagt hij. Mamma kijkt wel vaker naar de muur als ze bij de buurvrouw moet koffiedrinken. Bauke vraagt zich af of ze eigenlijk wel koffie lust. Dat begrijpt hij best: zelfs de overgebleven suiker in de koffiekopjes is nooit echt lekker. Hij begrijpt nièt waarom ze het dan wel opdrinkt, maar dat durft hij niet goed te vragen. ‘Ja, vent,’ zegt ze, ‘koffiedrinken.’ Haar mondhoeken krullen omlaag en ze aait hem door zijn haar, maar hij wordt er niet blij van. ‘Ga je mee?’ ‘Nee,’ antwoordt Bauke. Mamma kijkt hem vragend aan.  ‘Oebele plaagt mij de hele tijd.’
                Bauke mag achter de computer van mamma.  Ze helpt hem zelfs nog het spelletje te vinden dat hij graag wil doen, maar het is net alsof de slakjes en de lieveheersbeestjes  vandaag minder mooie kleuren hebben dan anders. Al gauw vindt hij er niks meer aan. Hij gaat naar de keuken en snuffelt in de laden. Misschien kan hij zelf vast beginnen met taartbakken. Maar eigenlijk weet hij niet goed wat hij nodig heeft, dus als de beslagkom en het meel op het aanrecht staan, houdt hij maar weer op met bakken. Hij gaat naar de woonkamer die groot en leeg is nu de anderen niet thuis zijn. Hij rommelt wat in de speelgoedkist om. Vindt een trekker met een een wiel te weinig en een pop met  maar één arm.Haalt verschillende stukken rails te voorschijn, maar mist de trein. Blokken waar hij ook niets mee kan. Hij laat het deksel hard dichtvallen. ‘Niet zo hard!’ praat hij pappa na met een zware stem. Hij moet er zelfs eventjes om grinniken. Bij de boekenkast kan hij zijn draai ook al niet vinden.
                Bauke huivert. Hij heeft het koud. De kachel is vandaag nog niet aan geweest, omdat pappa én mamma moesten werken. Hoe deed pappa dat ook alweer altijd? Bauke denkt eventjes na. Haalt oude kranten uit de bijkeuken, frommelt ze inelkaar en smijt ze in de kachel. Dan gaat hij naar het houthok, zoekt de dunste houtjes op en bouwt er een mooi torentje van. Het eerste lucifertje breekt, maar met de tweede gaan de kranten wel aan. Pappa trekt dan altijd aan de kleppen van de kachel. Bauke trekt ook, maar het is de asla waar hij aan trekt. Ondertussen begint het hout te branden. Bauke wil de boel terugschuiven, maar dat lukt niet. Hij probeert het deurtje van de kachel uit alle macht dicht te drukken, maar dat wil ook niet meer! Hijdrukt en drukt en de vlammen worden groter en groter.  Wat moet hij nou? Hij rent naar de keuken, pakt een kopje, vult het met water en zo snel hij kan gaat hij terug naar de kamer.Gauw gooit hij het  in de kachel, maar nu zakt zijn hele toren in elkaar. Er valt een brandende tak uit. Bijna op Baukes sok. Hij schrikt zich rot. Zijn hart klopt in zijn keel, op deplaats van zijn buik voelt hij een gat. Hij haalt meer water,  maar het vuur wordt niet minder, eerder meer. Wat moet hij nou? Wie moet hem helpen?
            Boven de keukentafel hangen woorden als echtscheidingsmakelaar en hypotheekschuld zwaar en traag  in de lucht.  Mamma en de buurvrouw kijken ernaar met gekreukelde gezichten. De vingers die ze om de al lang leeggedronken koffiemokken houden, zijn wittig van het knijpen. Ineens vliegt de deur open en vermengen de gestolde donderkoppen in de ruimte zich met het flitsen van wagenwijd geopende blauwe ogen, dikke tranen, hard hijgen en geluiden die eerst nog geen betekenis willen krijgen. ‘Wat is er?’ vraagt mammav erschrikt. ‘De kachel!’ huilt  Bauke, ‘er komt allemaal vuur uit!’ en hij trekt haar aan de mouw.  Ze spat overeind, pakt zijn hand en samenrennen ze op hun allerhardst naar huis. Bauke is nog niet opgehouden met snikken, maar in zijn buikje is het niet langer zo vreemd leeg. Mamma is bij hem. Nu zal alles weer goed komen!
 
     

0 Reacties op Koffydrinke (nu ook met NL-editie):

Comments RSS

Voeg een reactie toe:

Je naam:
E-mailadres: (vereist)
Website:
Reactie:
Maak je tekst groter, vetgedrukt, schuingedrukt en meer met HTML tags. Zo werkt het.
Post Comment
Website Builder
mogelijk gemaakt
door Vistaprint